Oanbaarnde stamppot fan beppe Weidenaar

Alle wiken makke beppe Tietsje Weidenaar stamppot foar de meiwurkers fan it famyljebedriuw.

Dat wie bêst bysûnder, want pake en beppe ûntfermen har ek oer de doarpswinkel. Freeds wie der steefêst stamppot boerekoal, hutspot of hite bliksem. De meiwurkers wienen der sljocht op, lykas har trije soannen Marcus, Willem en Janco.

Soms sit der wat in frjemd luchtsje oan de stamppot, mar de meiwurkers, likemin as de soannen, kinne der mar net in finger op lizze wat dat krekt is. Oant Marcus en syn frou in hantsje yn 'e keuken helpe en op in snein de ôfwask dogge. 'Op 'e boaiem fan de panne, dêr siet in laach fan wol fiif sintimeter oankoekte jirpels en appels', fertelt Marcus. 'Doe wisten we wêr't dat frjemde luchtsje weikaam! Stikem hie se de stamppot oerskept yn in oare panne'.

En wêrom oft har de stamppot sa no en dan ûntkaam? De klanten yn de winkel gongen altyd foar fansels.

Frou W. Weidenaar
beppesizzer fan frou T. Weidenaar út Nijewier

Resept hite bliksem fan Beppe en Tiny Weidenaar

Bestel it boek 'Sline yn it ferline' yn de websjop fan de Afûk

  • VolgendeWat voor invloed heeft het moederschap op mijn werk?
  • VorigeBiologische Knoflook droge worst