Droege woarst fan Hooglanders

It bedriuw Weidenaar yn Dokkum makket droege woarst fan Skotske heechlanners út it Lauwersmargebiet. Dêr is in oerienkomst mei Steatsboskbehear oer. Yn de Lauwersmar is plak foar 350 Skotske heechlanners. Mar om't de keppel him jierliks bot útwreidet, mei Weidenaar der droege woarst fan meitsje. It woarstebedriuw makke oant no ta droege woarst fan bargefleis. Takom wike leit de droege woarst fan de Skotske heechlanners foar it earst yn 30 Albert Heijns yn Noard-Nederlân. Der binne tritich bollen slachte, dêr komme 18.000 woarsten fan.

  • VolgendeWe praten thuis weer over andere dingen
  • VorigeBiologische Knoflook droge worst